Fan Wilpster pad nei Langpaed

 

 

Yn 2011 is der in boek útbrocht oer it Langpaed : Fan Wilpster pad nei Langpaed.

It Langpaed is in wei fan de Kromhoeksterbrêge ûnder Sigerswâld nei De Wylp. Eartiids it Wilpster pad oer de heide en in sânpaed by de Wylpster Wyk del. In ferline fan leidiken, wiken mei wâldspultsjes, grutgrûnbesitters en ûntginning. Doarpstimmerlju bouden pleatsen op it nije lân. No likernôch 100 jier ferlyn.

It boekje folget de wei troch de tiid mei âlde kaarten, boutekeningen, plattegrûnen fan hiemen en lytse histoarjes fan hûzen en minsken.

Lútsen Walstra, dy't hjir healwei de foarige iuw opgroeide, hat de skiednis útsocht en der in boek oer makke. 

Op dit webstee binne oanfollings op it boek pleatst.  De huzen fan it  Langpaed toant foto's en ynformaasje út de skiednis fan de bewenners. Lânskip giet koart yn op it ûntstean fan dizze omkriten. As jo ek noch nijsgirrige bylden hawwe kinne jo it melde mei de folgjende email: lenh.walstra@gmail.com

It boek is net mear te krijen.


                                      

Ynhâld

 

Tankwurd / Kolofon

 

1              Foarôf                                                                  

2              Paad oer de heide                                                

3              Lânskipsfoarming                               

4              Leidiken                                                

5              Grêfheuvels yn it Hearsterfjild                         

6              Grutgrûnbesit ferkocht                                      

7              Heideûntginning                                                   

8              Boerehiemen                                                       

9              Wize fan bouwen                                                   

10            Alle hûzen fan tichtby                                       

 

Literatuer

Topografyske wurdlist

 

Topografysk-militêre kaart 1854

copyrights Lútsen Walstra

Maak jouw eigen website met JouwWeb