Langpaed 12

Foto boppe : hûs likernôch 1940

Johanna Aardema en Germ Brander

 

Bastiaan Minderts Veenstra keapet yn 1924 foar f. 3.400,- 1.50.10 ha ‘weiland met daarop staande steenen loods ten zuiden van en aan de kunstweg het Langpad’ fan Jouke Sierp Anema. Veenstra lit de stiennen loads troch Duursma en Veenstra út De Wylp ta arbeiderswente ferbouwe. Oege Huisman keapet it hûs mei lân yn 1933 foar f. 2.000,-. Yn 1937 nimt Pieter Varwijk it oer fan Huisman. Varwijk ferhiert it hûs earst oan Germ Brander en syn húshâlden.

De famylje Brander komt nei alle gedachten oan de ein fan de tweintiger jierren te wenjen op Langpaed 12. Heit Germ Brander en mem Johanna Aardema hawwe dan twa dochters : Feikje en Mieneke. Hjir komme Sake, Griet en Durkje derby. Germ arbeidet by de boer en yn de bosk fan Bakkefean. Yn de oarloch moat hy ûnderdûke by syn dochter Feikje yn Grou.

It heucht Griet dat sy molke helje by Posthumus en rogge by Walstra. As de terskmasine komt is dat feest. Sake makket in kear mei dat de tonger flak neist him twa kij deaslacht. Mieneke trout mei Frans Hoogstra. Sy wenje yn de fjirtiger jierren yn in arke yn de opfeart nei it spultsje fan Jan Varwijk. Frans is in setsje arbeider by Walstra. Sawat om 1947 ferhúzje de Branders nei Goëngahuzen.

 

Neitiid komme Pieter en Anne Varwijk dêr te wenjen. Yn 1954 keapet Wierd Nijhof it hûs foar f. 6.700,-. Neitiid wennet hjir de famylje Bijma, de famylje Taekema en no de famylje Brink, dy’t it hûs sântjin jier ferlyn kocht hat.

 

 

Foto lofts : Pieter Varwijk