Langpaed 9

Bote en Douwe Bergsma út Terherne en Aldskou wurde yn likernôch 1915 eigner fan heide en boulân: 7.45.00 ha. Dizze grûn keapje sy fan Hendrik Andries de Jong út Oerterp en fan buorman Jouke Sierp Anema. Boppedat keapje de Bergsma’s yn 1916 it ivich duorjende beklemrjocht op in boerehûs mei 2.22.20 ha lân, efter harren lân, hast tsjin de provinsjegrins oan. Dat boerehûs brekke sy ôf. Underwilens ha sy by de wei in stjelp boud. Blykber brânt de pleats by de wei yn 1930 ôf, want Bote Bergsma lit de stjelp opnij opbouwe. It is net dúdlik wat der dêrnei bart by de Bergsma’s mar yn 1937 is de buorkerij eigendom fan assuradeur Jacob van der Mei. Dy ferkeapet it spul oan notaris Derk Jan Roemeling, dy’t it trochferkeapet oan Hielke Jans Posthumus. De ivich duorjende beklemming giet mei. Totaal mjit it bedriuw dan 8.97.90 ha en bringt f. 19.100,- op. Posthumus keapet der yn 1939 noch in perseel lân by fan Johannes van der Wal. Dit perseel fan 1.43.40 ha leit healwei it Langpaed en de Fryskepeallenfeart, neist de opfeart. Hy betellet hjir f 2.500,- foar. Yn 1938 lit Posthumus in skuorre en stookhutte by it hûs bouwe. Halbe Posthumus  fertelt dat heit Hylke en mem Jitske yn 1938 fan Weinterp nei it Langpaed geane. Hans, Aaltsje, Joke, Jeen en Jantsje binne bruorren en susters fan Halbe. De buorkerij is foar it grutste part in feehâlderij mei fyftjin kij en ien hynder (Belch). It bedriuw hat ien bunder boulân, dêr’t sied, ierappels en rapen fan rispe wurde. Tusearte geane fia Piter Varwijk nei de feiling. It deistich miel bestiet meastentiids út ierappels en sûpengroattenbrij. Halbe moat mei de hân melke. Ek sleatheakkelje is hantwurk. As it hea broeit dan moat der in djip gat yn de golle makke wurde mei de foarke. ‘Wy hawwe in kear in hiele snein oan it headollen west.’ Yn 1957 ferfart de famylje nei Makkingea. Nijsgjirrich is dat beppe Aaltsje út Mearum wei, skean oer de heide, nei Oerterp tarûn.

Petrus Donkerbroek nimt de buorkerij oer yn 1957. Yn 2011 wurdt it hûs bewenne troch frou De Jongh.

 

Yn 1930 lit Bote Bergsma dizze stjelp bouwe troch Johannes de Jong. Troch brân wie de foarige pleats ferlern gien. 

 

Ofbrutsen hûs efter Langpaed 9, by provinsjegrins

Feanbaas Rinze Geerts Jansma út Sigerswâld lit earder as 1868 in hûs bouwe op de heide. Efterinoar binne eigner Harmen Folkerts Tolsma út De Pein en Willemke Tellinga, widdo fan Rinze Geerts Jansma. Yn 1891 keapet Douwe Jochum Kroes de ‘eeuwig durende beklemming’ fan inkelde perselen lân en it hûs : 2.22.21 ha. Der moat f. 14,- yn it jier hier betelle wurde oan Ede Jansma. Beskreaun is dat der in útgong (frije reed en drift) is en bliuwe moat fan de provinsjegrins oer de eastkant fan de perselen, by de feart lâns en oer de Klauwertsbrêge. Yn 1908 wurdt it hûs sloopt en wer opboud. It is dan in ‘boerenhuizinge’ en skuorre foar 6 kij en 2 bargehokken. Douwe J. Kroes is troud mei Meike Jans Praamstra, dêr’t hy acht bern mei kriget. Meike ferstjert yn 1905. Soan Jan twingt heit foar de rjochter om it spul te ferkeapjen. Yn 1916 keapet Douwe Bergsma de ‘eeuwig durende beklemming’ foar f. 2.825,- ‘staande en gelegen tusschen den weg van de Wilp naar Krommehoek en de scheiding met de provincie Groningen’. Bergsma brekt dan it hûs ôf. It efterste perseel mei de dobbe is lang heide. Yn 1929 wurdt dat as heide ferkocht troch Rense Veenstra oan Martje Tijes Westerhof.