Lânskip
It natuerlike lânskip by Sigerswâld kriget foarm yn de iistiden. Yn de foarlêste iistiid wurde dikke pakken liem mei balstiennen oer it sân lein. It materiaal komt mei it lâniis út Skandinavië. Yn de folgjende waarmere perioade grave it Alddjip en de Drait djippe dellingen. Oan de Grinzerlânske kant is it Oude Diep. Geandewei folje dizze dellingen op mei liem en sân út de omkriten. Yn de lêste iistiid is der gjin lâniis mar is it wol slim kâld. De poalwyn jaget oer de keale fjilden. Sân waait op en komt as in tekken oer de liemlaach te lizzen. Hjir en dêr ûntsteane rêgen en koppen, lykas by de Merskenheide. Dan binne der ek de pingo’s. Op plakken mei grûnwetter bollet de boppegrûn omheech ta froastheuvels. Mei tijwaar glydt de grûn fansiden en bliuwt der in djippe dobbe oer. Pingo-ruïnes binne rûn en djip en hawwe in ringwâl.
Wetter siket syn wei fia de leechste plakken yn it lânskip. By de hjoeddeiske provinsjegrins en Fryske Peallen streamde in sydtûke fan de Drait. By de Wylpster Wyk en de Foarwurkerbrêge del streamde in sydtûke nei it Alddjip ta.
Dizze kaart jout de hichte fan it lân oan. De hichten binne metten út in fleanmasine. It lân mei ljochte kleuren leit heger as de donkere. Tichtby de provinsjegrins stiet +4 en by it Alddjip oan de Foarwurkerwei is it 2,5 meter boppe NAP.
De swarte linen markearje it doarpsgebied fan Sigerswâld yn de achttjinde en njoggentjinde iuw. Goed te werkennen is it Alddjip ûnder op de kaart. In âlde slinke rint lâns de Wylpster en Foarwurker Wyk del en bûcht dan nei it suden nei it Alddjip (swarte stippen). Hjir streamde ienris in sydrivierke, dat letter opfolle is mei fean. Noardliker is de slinke by de provinsjegrins del nei Fryske Peallen : in âlde sydtûke fan de Drait. Ek dit leechlizzende gebiet is ienris opfolle mei fean. Yn de lêste oarloch is dêr noch turf stutsen. De Bearend Bakker’s dobbe op de grins is werkenber as in donkergriis plakje (boppe +4). Nei alle gedachten is dit in pingo-ruïne.
As it 10.000 jier lyn waarmer wurdt en de see omheech komt, stagnearret de ôfstreaming by de boarnen fan it Alddjip en fan de Drait. Hjir ûntsteane sompen mei iepen wetter, reid, sigge, tuorrebout en elzenbroek. Yn de delten groeit fean troch opheapping fan deade beammen en planten. Ek yn oare lichten, lykas pingo-ruïnes en slinken, groeit fean. Geandewei groeit it fean fierder omheech. Spûnzige feanpakken oerwoekerje in grut part fan it liemplato en mooglik de sânrêgen. Dat sil ek sa west ha yn ‘e omkriten fan it Langpaed. Op de âlde kaart fan Schotanus út 1718 binne ’Ley Dycken’ te sjen op it plak fan it Langpaed. Achter dizze leidiken, oan de noardkant, sil it fean west ha.
Ynrjochting
Tûzen jier ferlyn lei it gea om Sigerswâld der ûnoantaast by. It Alddjip socht in slingerjend spoar troch sompen. Oan de noardkant heechfean mei skrobberheide en moark. Hjir en dêr in sânkop mei ikebeammen en bjirken . De earste kolonisten kamen by it Alddjip stream op en makken lân oan. De perselen kamen heaks op it Alddjip te lizzen. Nei alle gedachten bouden de boeren harren hûzen op de sânrêgen by de Binnenwei. Fan oare plakken is bekend dat de pleatsen fan dy tiid nei bûten bûgde sydwanden hienen, lykas in boat. De hûzen en hiemen lieten in dúdlike oardering sjen. Oant hjoed de dei is de ferkavelingsstruktuer fan doe te werkennen yn it lânskip. Oft de bewenning yn stappen opskood is nei de hegere sânregen, lykas dat by Weinterp blykber it gefal wie, is by Sigerswâld net dúdlik. Faaks wie de bewenningsas earst wat súdliker, by de âlde tsjerke. De âlde tsjerke fan Sigerswâld - út de trettjinde ieu - stie oan de Beakendyk. By Oerterp, Bakkefean en by it Wynjewâldster Skjer binne ek tsjerken yn dat tiidrek stifte.
Ut âlde boarnen (stim- en floreenkohieren) kin opmakke wurde dat de pleatsen yn Sigerswâld almeast lange kavels hienen. Fan it Alddjip oan de feanskieding ta. De feanskieding is de gritenij- en provinsjegrins. De bedriuwen hienen fee en bou. Tichtby hûs wie it boulân en in kamp foar it melkfee. Op it lege lân, tsjin it Alddjip oan, leinen de miedlannen en de finnen. Tusken bou- en miedlân yn heide. Oan de súdkant rûn de heide oan de finnen en it miedlân ta en oan de noardkant oan de ’Ley Dycken’ ta. Hjir waarden de keppels skiep weide. De heide waard mienskiplik brûkt. It doarpsgebiet fan Sigerswâld waard oan de eastkant begrinze troch it Foarwurkerfjild, dat yn de midsieuwen oan de úthôf fan it kleaster fan Smelle Ie hearde. Op dizze grins leit sûnt 1770 de Foarwurker Wyk.
Yn 1857/58 jout master Bergsma fan Sigerswâld in beskriuwing fan it doarpsgebiet :"Reeds op korte afstand van het Ouddiep heeft men lage heide, die bij ”winterwater” niet overstroomd wordt; alleen de z.g.marschen liggen ‘s zomers droog. Van de lage heide, die verbeterd tot fennen (schrale weilanden) worden, klimt de grond tot hoge heide, tot men ongeveer bij de kerk op het hoogste deel van het dorp komt. Die hoogte strekt zich oostelijk weinig uit. Westelijk (van de kerk af) bijna tot aan de grenzen van Ureterp. Ten noorden van de hoogte in de onmiddelijke nabijheid van de zg. Boerestreek, valt de grond een weinig, maar blijft regelmatig even hoog tot aan het veenkanaal, dat dit dorp doorsnijdt. In die vlakte zijn enkele laagten, waarin turf gestoken wordt. Maar van weinig betekenis. Aan de noord- en oostkant van het veenkanaal was vroeger een grote, uitgestrekte heide, in welks midden thans De Wilp ligt. Voor het overige is de heide nog aanwezig. Het is hier zeer oneffen. De laagten zijn met water en veen gevuld. Er wordt hier heel wat turf gestoken. De bovenlaag van hoogveen geeft lange turf. Op deze laag wordt soms ook heide gebrand en boekweit geteeld."
"Er wordt nog jaarlijks uit heide land gewonnen. Vooral bij het Voorwerk. Doordat er eerst nog veen afgegraven moet worden gaat het niet zo snel als men wil. Tevens zijn hier de eigendommen niet in handen van kapitalisten, maar meest van arbeiders, van wie elk een huis, tuintje en wat heide heeft, zodat er geen aanmerkelijke partijen tegelijk ontgonnen worden. In het hele dorpsgebied zit veen in de grond, van een palm (10 cm) tot vier-vijf ellen (plm. 2.20 m). Alleen op de hoogte waar de kerk staat, zit geen veen, maar louter rood, wit en schier zand. Aan de mersken bij het Alddjip, hier en daar bij de Wilp en langs het Mieuwmeer heeft men wat hooilanden. Er is weinig bos te vinden. Alleen als houtwallen en op de hiemingen van de boerderijen zijn bomen. De streek Siegerswoude wordt gevormd door 15 boereplaatsen, waarvan de huizen vrij geregeld langs de Binnenweg staan. De Wilp telt 7 plaatsen, waarvan de huizen langs de Wilpsterwijk gevonden worden."
"De eerste kerk moet één van de oudste gebouwen in Friesland zijn : klein en zeer eenvoudig ingericht. De muren hebben van onderen een dikte van bijna een el, van boven bijna een halve el. Ze was grotendeels gebouwd van oude Friezen, bij een restauratie is kleinere steen gebruikt."
"Siegerswoude is een echt boerendorp. Een vrij groot deel van de bevolking zit in het veenbedrijf. De turf wordt naar alle oorden in Friesland en daarbuiten vervoerd. Voorheen was de fokkerij van Drentse schapen van belang maar na de ontginning van de heide heeft men die afgeschaft.”
Op de kadastrale kaart fan 1832 stiet skean achter de meast eastlike pleats fan Sigerswâld in skieppehok. Deun neist it hok rint de Klauwertsreed nei it noarden, nei de heide (by it Langpaed). Dwers troch de heide komt likernôch yn 1660 it Groot Veenkanaal naar Bakkeveen. Oer it kanaal leit dan de Klauwertsbrêge.
Jan Wagenaar beskriuwt de sitewaasje oan de Binnenwei yn Sigerswâld om ende by 1900. Syn mem is opgroeid op de pleats njonken de ark- en reaukoöperaasje. It lân rûn oan de provinsjegrins ta. Jan neamt de Klauwertsreed, dy't fan de Mersken komt, de Binnenwei krúst, oer de hege Klauwertsbrêge nei de provinsjegrins en fierder nei de Hearsterreed giet. De Klauwertsbrêge wurdt allinne foar fee brûkt. By de brêge is in opslachplak foar de boeren. De reed is frij tagonklik en wurdt brûkt troch minsken dy't nei de wykmerk yn Mearum-West reizgje. Oer de brêge wurde skiep dreaun út Sigerswâld nei de heide oan de noardkant fan it feankanaal. By de brêge is in dobbe dêr’t de skiep wosken wurde. By de Binnenwei, krekt westlik fan de Klauwertsreed, stiet in grutte pleats mei in skieppehok. Dizze pleats is letter yn de ruilferkaveling ôfbrutsen. Oan de westkant fan dy pleats is de saneamde swarte reed. Oan dy reed steane twa arbeiderswenten. Yn ien dêrfan wennet Geart van Valen, de heit fan Roelf. De grutte buorkerij wurdt yn 1911 ferkocht. (Boarne: Jelle Wagenaar).
De pleats mei skieppehok neist de Klauwertsreed, dêr’t Wagenaar it oer hat, is yn 1700 eigendom fan Aeble Folckerts. De pleats wurdt begrinze troch de ´veenscheidinge N´ en ´´t koninx diept Z´. Noch earder, yn 1640, is Egbert Hendrix de eigner en brûker fan de pleats. (Boarnen : floreen - en stemkohier). Letter komt it eigendom yn hannen fan de famylje Van Lynden út Beetstersweach. Reinhard Boelens baron van Lynden (1827 - 1896) is troud mei Catharina baronesse van Pallandt. Sy wenje simmerdeis op Lyndensteyn. ‘Omstreeks 1890 was baron Van Lynden, zoals zijn grootvader een eeuw eerder, veruit de grootste grondbezitter in Zuidoost-Friesland.’ skriuwt Yme Kuiper in syn proefskrift oer adel yn Fryslân (Kuiper Y., Adel in Friesland 1780 - 1880, Groningen, 1993). Nei it ferstjerren fan Van Lynden komt it besit yn hannen fan syn sweager Jacob baron van Pallandt. De lêste komt yn 1910 te ferstjerren en dan wurde lân en pleatsen troch de erfgenamten ferkocht, lykas de heide by it Langpaed (sjoch boekje) en ferskate besittingen oan de Binnenwei fan Sigerswâld.
Op 27 maaie 1911 wurdt yn loazjemint Boschlust yn Beetstersweach, op fersyk fan de erfgenamten fan Van Pallandt, ferkocht "Eene Zathe en Landen te Siegerswoude, bestaande uit ene boerenbehuizinge met schuur waarin stalling voor vier en twintig hoornbeesten en vier paarden, lijtshuis, varkenshok en wagenhok, hieminge, wier en tuinpolle, wei - bouw - en hooilanden en heideveld, thans in huur bij Jan Heerkes Nijboer ..........ter grootte van ongeveer zes en veertig hectaren vier en zestig are en veertig centiaren, met hooiland onder Oudega ......ter grootte van vijf hectare, twee en twintig are en veertig centiare." De lannen lizze yn in stripe fan it Alddjip oant de Fryskepeallenfeart (doe Bakkeveenstervaart). Keaper is Pieter Ytzes van der Werff út Stiens.
Yn dat jier wurde mar leafst 8 "Zathen en Landen" (tusken 31 en 62 bunder grut) en 4 "Koemelkerijen" (fan 5 oant 10 bunder grut) en fierder los lân, bosk en heide út it erfskip fan Van Pallandt yn Sigerswâld ferkocht. Allegear lizzend tusken it Alddjip en de Fryskepeallenfeart.
De heide by it Langpaed en yn it Foarwurkerfjild, mei de beide pleatsen op it Foarwurk, bosken en hûzen, binne al yn 1910 ferkocht. Ek út it besit fan de erfgenamten van Van Pallandt. "Alles staande en gelegen onder Siegerswoude, aan de nieuwen grintweg, loopende van de Voorwerkerbrug naar De Wilp, aan de Bakkeveenstervaart, op Kromhoek aan de Frieschepaalstervaart, aan de Voorwerkerwijk en aan de Oude Voorwerkerweg. Samen ter grootte van 464.62.26 H.A."
Ek de famylje Van Teyens hat besittingen yn de omkriten fan it Langpaed, dy yn dy tiid troch erfgenamten ferkocht wurde.
Untginning fan de heide
As de feanterij by it Langpaed foarby is, wurdt der wat heide oanmakke by de spultsjes oan de wiken. Yn de tiid fan it ferfeanjen keapje arbeiders in stikje lân foar bou en greide en sette dêr ienfâldige wenten. Soks smyt net tefolle op. Manlju geane maitiids nei de feanterijen yn Drinte. Guon ferhiere har as hantsjemier op de Klaai of as boerefeint yn Dútslân. Lykas pake Jouke fan Jan Kroes en Roelf van Valen. Froulju en bern rêde thús mei it fee en de bou. Master Allershof út Oerterp leart de boeren en arbeiders hoe’t sy de heide geskikt meitsje kinne foar bou- of greidlân. Heidegrûn hat oer it generaal in podzolprofyl yn sângrûn. Dit hat in earme, griiseftige boppelaach wêr’t mineralen yn de rin fan ieuwen útspiele. Om hjir gewaaks op te ferbouwen moat men de grûn djip omspitte en fruchtber meitsje mei dong. Foar 1890 is dat noch rûge dong fan eigen fee. Earst letter komme der terpierde, drek fan strjitten en keunstdong. Benammen de komst fan keunstdong makket de earme sângrûn geskikt foar lânbou.
Dan giet it hurd mei it omsetten fan de heide. Troch de opgeande tiid wurde grûnferbettering en ûntginning op withoefolle plakken oppakt. ‘Ontginningsmaatschappijen, gemeente en particulieren kochten, aangelokt door de hooge conjunctuur in den landbouw, groote heidevelden aan. Vooral onder Ureterp, Siegerswoude en Bakkeveen, zetten de tractor, grondploeg of werkeloozen hierop aan den arbeid en in zeer weinig tijd was het landschapsbeeld veranderd.’ skriuwt Van der Wielen yn syn dissertaasje (Wielen H.G.W, Een Friesche Landbouw - Veenkolonie, Amsterdam, 1930). ‘Aangewakkerd door de verbeterde aan- en afvoermogelijkheden, de verbreiding van technische kennis van ontginning, de hoge prijzen voor landbouwproducten, de betere beschikbaarheid en dalende prijzen van kunstmest en daarbij de werkzaamheid van de Heidemaatschappij, gingen veel lieden enthousiast over tot ontginning.’ Folle letter, yn de minne tweintiger en tritiger jierren wurdt der nochris heide oanmakke yn it ramt fan de ‘wurkferskaffing’. Dat is de oerbleaune heide yn it Mandefjild en it Hearsterfjild. Yn 1910 komme de heidefjilden by Sigerswâld te keap. De grutgrûnbesitters kinne jild meitsje yn in opgeande tiid. De keapers binne lokale boeren en feanters, skoalmasters, boeren fan bûten en ûntginningsmaatskippijen. Yn it súdeasten fan Fryslân wurde hûnderten hektares heide yn kultuer brocht. By Sigerswâld en Fryske Peallen ferriizje withoefolle buorkerijen.
It lânskip by it Langpaed hat in feankoloniaal - en in ûntginningskarakter krigen. It fean is ûntsluten troch fearten. Ticht by de fearten del komme paden en hûzen. De bebouwing is hjirtroch lintfoarmich; in skaaimerk fan it feankoloniale lânskip. Ek bedriuwen, brêgen en kavels lân foegje har yn dit patroan. De ferkaveling is wat lytsskalich en ûnregelmjittich troch de yndividuele oanpak. De perselen binne begrinze troch sleatten en eartiids gauris troch beamsingels. Op de heide is de grûn letter yn brede en lange stripen útjûn en op gruttere skaal yn kultuer brocht. De pleatsen en hûzen mei hiembeplanting steane neist elkoar oan it sintrale paad. De perselen lân binne rjochthoekich.
Oant yn de fyftiger jierren is der frijwat boulân, benammen mei rogge, hjouwer en rapen. Letter is der meastentiids greide. By hast alle hûzen is foar 1960 in grientetún en in appelhôf.
Hjirûnder in print fan in berjocht út de de Ljouwerter Krant fan 01-11-1912
copyrights Lútsen Walstra
Maak jouw eigen website met JouwWeb