Langpaed 19

 

Neffens de kadasterkaart fan 1887 stiet op dit perseel in hûs, wat eastliker as no. Mindert Wierts Veenstra keapet dat hûs yn 1898 fan Ebele Wierts Veenstra. Hy sloopt it en bout it fannijs op yn 1900. Fokje Aardema, widdo fan Mindert Wierts Veenstra, kriget it hûs mei 0.28.63 ha grûn yn eigendom by de boelskieding. Yn 1912 wurdt it hûs ferkocht oan keapman Jan Ploegh en dy ferkeapet it fuortendaliks troch oan Wietze Venema en Geertje van der Meulen út De Wylp. Yn 1921 wurdt it wetterskip Langpad eigner, dat it hûs ôfbrekt en it lân yn 1923 ferkeapet oan Jan Eizes Veenstra. De lêstneamde lit dêr yn 1926 in nije ‘burgerwoning met bijschuur’ bouwe troch timmerman Mindert Veenstra. Widdo Fenje Kamminga lit de skuorre yn 1951 fergrutsje. As Fenje yn 1965 ferstjert dan buorkje har soan Eize en syn frou Renskje Klazinga dêr al fan de oprjochting ôf. Harren bern binne Pieterdina Martje (Dinie) en Fenje Pieterdina (Fennie). It spul wurdt ferkocht yn 1971 mei 9.70.55 bunder lân. It lân giet nei Geert de Vries. Tsjintwurdich wennet hjir de famylje Schuch.