Langpaed 13

 

 

Op dizze foto stiet it hûs sa as it der yn likernôch 1955 útseach. It hûs is boud yn 1928 troch Jan Boekema foar f. 1.377,04. It perseel is goed 24 are. Efter hûs wie in grientetún. Yn 1955 wenje hjir Louwe Middel en Seike Bandringa en harren bern. Oan de  hege peal op de foargrûn sitte stroomtriedden.

 

Date Boekema keapet yn 1926 in kamp lân - 0.69.80 ha - fan Bonne Hijlkema. Hijlkema hat dit lân yn 1924 oernommen fan Jouke Sierp Anema foar f. 1.800,-. Soan Jan Boekema keapet in part - 0.24.40 ha - oer yn 1928  en bout dêr in arbeiderswente op foar f. 1.377,04. It oare part ferkeapet Date, mei it lân en de pleats, oan de oare kant fan de wei, werom oan Bonne Hijlkema. Yn it tiidfek 1947 - 1959 hiere Louwe Middel en Seike Bandringa it hûs. De bern binne Reint, Alie, Winie, Pietsje, Wiebe, Jantje, Mieke, Dirk en Ammie. Yn 1957 keapet Jitze Boekema it hûs fan syn heit Jan. Mei syn frou Baukje Donker hat Jitze fjouwer bern : Janny, Jan, Lolke en Aukje. Fan 1991 ôf wennet hjir de famylje Sijtsema.

 

Ynterview mei Jitse Boekema :

De pake fan Jitse - Date Boekema - keapet yn 1926 in stjelppleats mei lân oan de súdkant fan it Langpaed. Dizze wurdt al gau ferkocht oan Hijlkema út Drachten. Yn 1928 set soan Jan op it boukampke oan de noardkant fan de wei in boargerhûs. Jan is troud mei Aukje Ras en sy krije fiif bern : Date, Jitse, Geartsje, Froukje en Boeke. Jan is timmerman. Nei de oarloch by Gjaltema’s timmerfabryk yn Mearum. Jitse bringt yn syn jonge jierren in protte tiid troch by Jabik van Gans en  Jan Walstra. Sneintemiddeis geane de âlders fan Jitse nei tsjerke. Jitse giet ûnderwilens nei buorman Jan Walstra, dy’t mei him troch it appelhôf en it lân kuieret. Jitse fynt dat hy gauris pleage wurdt troch de arbeiders. Hy fynt it lykwols in hiel moaie tiid. Efter hûs stiet in hok foar hûndert hinnen. Yn de oarloch is der ek in ‘stille’ baarch. Om it lûd te dôvjen binne der striepakken tsjin de kant set. Efter hûs is in grutte tún mei tusearte foar de feiling. Heit is lange dagen fuort nei it wurk. Yn it efterhûs is de baalderturf opsteapele en hat heit in wurkbank. Hjir helpt Jitse yn de oarloch mei om raapsied te mealen ta lampe-oalje. Jitse rint deis in hiel ein nei skoalle oan de oare kant fan De Wylp. Moarns giet hy oer de izeren draai by Marinus en dan lofts oer it paad by de wyk del. By Huitema hellet hy twa famkes oan en stekt de draai oer by Zwaanstra. Werom nei hûs giet Jitse gauris skean troch it lân by Kees Jansma op hûs oan. Jitse wit noch dat der yn ‘e oarloch in bom falt yn it Hearsterfjild. Dit jout sa’n klap dat in soad glêzen yn ‘e omkriten ferbrizelje. Op in oare rare dei sjitte de Dútsers in Ingelske fleanmasine del. De piloat komt mei in parasjute del yn it lân. Jûns wurdt de piloat yn in bakkerskoer nei Fryske Peallen brocht. By Oebele Heijs wurdt in ûnderdûker oppakt. Jitse hat in kear mei syn broer Date en Roelf van Valen turf út Terwispel helle. It heucht him dat Roelf mei de holle op it tiksel fan de wein falt. Hy is hielendal fan de kaart en moat nei it sikehûs. Jitze wurket letter as timmerman foardat hy in keallemesterij opset oan it Langpaed.

Maak jouw eigen website met JouwWeb