Langpaed 24

 

De pleats yn 1940.

 

Jouke Kroes en Saakje Venema keapje yn 1905 in ‘boerenhuizinge, schuur, hut, hok, erf en land’ mei 2.13.56 ha lân fan Mendert (of Mindert) Wierts Veenstra foar f. 3.400,-.

Yn 1913 wurdt it spul fannijs opboud. Joghum Kroes wurdt yn 1941 eigner fan de buorkerij. Syn frou is Janna de Haan en harren bern binne Jouke en Jan. Kroes ferbout it hûs yn 1949. Yn 1981 nimt soan Jan Jouke Kroes it hûs mei lân oer. It is dan gjin boerebedriuw mear.

 

 

Boppe : Jogchum Kroes

 

Ynterview mei Jan Kroes :

Jan wennet no yn it hûs dêr’t syn heit yn buorket oant 1981. Pake Jouke keapet it hûs yn 1905. Dy hat yn Dútslân wurke en wat jild fertsjinne. Dêr kin hy it pleatske mei betelje.

Heit Jogchum is soldaat yn it begjin fan de oarloch. Hy is noch in tiidsje kriichsfinzene. Hy trout dan mei Janna de Haan en wurdt yn 1941 eigner en boer op de pleats. Letter keapet hy der lân by efter Oebele Heijs. De ferkaveling is tige fersnippere. Willem Hut út Sevenhuzen hat dêr tal fan stikken lân. Feerider Goaitzen Nicolai hellet jongfee lâns de barte oer de Taeijewyk om dy nei it lân fierderop of om nei de merk te bringen. Op stâl steane 10 kij. Der binne ien hynder en twa hokken mei 500 oant 600 lishinnen. Jan wit noch dat de foargevel ferdûbele is mei in giele stien en dat inkelde keamerglêzen fergrutte binne. De ferkearsferbinings binne yn dy tiid min. De brêge op de hoeke is smel; allinne geskikt foar fytsen en smelle fytskarren. Grut ferkear moat de reed del, dy’t no Skieppedrift hjit. Foar hûs rint in sintelpaad nei de brêge. Hjir moatte de molkbussen lâns kroade wurde nei de hurde wei ta. It paad rint ek de oare kant út oan Jacob Zwaanstra ta. Minsken binne yn de krisisjierren wat bang wurden om jild te lienen. It lienen kin by partikulieren wol, bygelyks by Van der Sluis yn Drachten. Dan moatte der twa minsken boarch stean. Guonlju binne bang om jild te ferliezen yn koöperaasjes. Heit leveret de molke dêrom oan de Lijempf yn Drachten. Jogchum smookt altyd in pipe : Huizer piiptabak. Hy mei graach efkes prate mei Eize Veenstra. Mem ferûngelokket op de rykswei by Mearum. Dan is heit der ôf; hy hat net folle wille mear yn it libben en kin himsels ek net rêde.

It heucht Jan dat hy it paad by de feart del folget nei de kristlike skoalle yn Sigerswâld. Dy rûte giet troch it lân efter Donker nei it Foarwurk : de Leien wurdt dat lege lân neamd. Buorman Lieuwe de Boer ferbout krûden en tusearte. De tusearte binne foar Piter Varwijk. Lieuwe lient de ploege foar de tún.

Jan lit my by it fuortgean de bynten sjen yn de skuorre. No steane dêr fytsen. Jan hie wol boer wurde wollen mar hy seach de takomst op sa’n lyts bedriuw dreech yn. Yn 1981 is hy weromkaam op dit plak.