Langpaed 26

 

Johannes Veenstra en Fetsje binne eigners fan it hûs mei hiem yn 1939. Harren bern binne Joke, Aukje, Julia en Trinus. Yn 1954 keapje Riekele Aardema en Klaske van Gosliga út De Wylp de  ‘arbeiderswoning, stookhut, kippenhok, erf en tuingrond’ foar f. 2.600,-. Auke Kobes en Fetsje Aardema, keapje it hûske oer. Wilens wennet op dit plak de famylje Kuiper, dy’t in nij hûs delset.

 

Ofbrutsen hûzen neist Langpaed 26

Flak neist dit hûs, oan de noardkant, steane yn de 19e iuw twa hûzen. Op it kadasterplan fan 1887 binne sy al net mear te sjen.

 

Maak jouw eigen website met JouwWeb