Langpaed 8
Froukje en Pieter Hijlkema en Jan Varwijk
Winkelman Haaije Jans de Groot keapet yn 1873 in ‘bouwkamp’ fan 1.22.00 ha fan Popke Wiebes van der Vlugt út Oerterp. Boer en arbeider Harmen Sales Varwijk keapet yn 1903 ‘huizinge met grond’ fan De Groot foar f. 500,-. De Groot is ûnderwilens ek slûswachter. Yn 1910 keapet dyselde Varwijk der 1.61.60 ha boulân by fan Gerben Jans de Roos út De Wylp. Yn 1924 keapet hy nochris 0.79.00 ha lân fan Jouke Sierp Anema. Oan it wâldspultsje wurdt yn 1939 in sydkeammerke boud troch timmerman Mindert Veenstra út De Wylp. Soan Jan Varwijk en Anna Alkema nimme it hûs mei lân oer yn 1947. Renskje is de dochter fan Jan en Anna. Letter komme der inkelde perselen by. It hûs mei lân wurdt yn 1972 ferkocht oan Petrus Zonneveld út Loosdrecht. Neitiid wennet hjir frou Hoekstra.
Ferbouwingsplan fan it wâldspultsje troch Mindert Veenstra yn 1939; opdracht Harmen Sales Varwijk
Ofbrutsen hûs neist Langpaed 8
Tagelyk mei de hjirfoar neamde ‘bouwkamp’ keapet Haaije Jans de Groot yn 1873 in hûs op it perseel neist Langpaed 8. Jan Varwijk keapet yn 1903 de ‘huizinge met grond’ fan De Groot foar f. 500,-. As soan Pieter dit spul yn 1917 fan syn heit en oare erfgenamten oernimt wurdt it hûs sloopt.
Maak jouw eigen website met JouwWeb