Langpaed 20

 

As Wijtze van der Meer dit hûs yn 1904 ferkeapet, komt it yn hannen fan keapman Hendrik de Roos út De Wylp. Yn 1906 keapet Roelf van Valen, arbeider út Bakkefean, ‘Eene behuizing met erf en eenig bouw- en weideland…’ foar f. 1.080,-. Hjir is  0.71.11 ha lân by. Roelf is yn 1899 troud mei Geeske Varwijk. Sy krije ien dochter : Aaltje. Geeske ferstjert yn 1909. Yn 1912 wertrout Roelf mei Trientje Spaan. Roelf en Trientje krije ien dochter : Bregtje. Sy ferhûzje yn 1933 nei it kostershûs fan de Herfoarme tsjerke yn De Wylp. Dêr wenje sy oant 1951. Dan komme sy yn te wenjen by Jan en Jantje Walstra op Langpaed 15. Anne Marinus en syn frou Stientje Ausma hiere it hûs fan 1933 ôf. Sy ha trije bern : Wiebe, Sipke en Grietje. Marinus keapet it hûs yn 1951 foar f. 2.605,-. Sûnt 1985 wennet hjir de famylje Veenstra. 

 

 

1926; yn de midden Roelf van Valen (mei pet), dochter Bregtje en Trientje Spaan.