Langpaed 17
Op dit plak stiet foarhinne in boerespultsje. Yn 1893 binne Johannes Jans de Vries en Ietje Minderts Veenstra de eigners.
Jitze Wijngaarden, winkelfeint yn Grins, keapet dit ‘boerenhuis met stookhut, erf, grond en kampje weiland ten westen van en aan de vaart’ yn 1921 fan de erfgenamten fan Johannes Jans de Vries. It hûs hat in efterhûs mei romte foar acht kij en skieppehokken. Wijngaarden hat yn Indië wurke sadat hy jild hat om dit spul te keapjen. Foar it wâldspultsje stiet in rûne hage, mei in bôge oer it paad. Gryt Hoekstra - Pruim wit dat âlde Wijngaarden mei syn grize burd as in mearkefiguer troch it poartsje kaam en in praatsje makke. Yn 1936 keapet Jan Eises Veenstra it hûs fan Jitze Wijngaarden, brekt it ôf en lit dêr in nij hûs bouwe troch timmerman Mindert Veenstra foar f. 1.355,-. Yn it tiidfek 1936 - 1948 hiert Johannes ten Hage it hûs en 1948 - 1959 Hendrik Nabring mei syn frou Henderika Roffel en harren bern Roel en Derk-Arend. Ferhierder is dan de widdo fan Jan Veenstra : Fenje Kamminga. Fan 1959 - 1966 wenje Ties van Valen en Wietske Veenstra yn it hûs. Neffens soan Johannes van Valen is syn beppe Fenje eigner oant har dea yn 1965. Yn 1966 keapje Jan van Valen en IJbeltje Postmus it hûs. Harren bern binne : Ties Jan en Hetty. Sûnt 2005 wennet hjir frou Groenendijk.
Maak jouw eigen website met JouwWeb