Langpaed 4

Foar de stjelppleats, fan lofts nei rjochts : Wiemer Veenstra, ûnbekend, Aaltje Veenstra mei hûn, Grietje Veenstra - Rieskes en Anke Veenstra

Keapman Fokke de Vries út De Wylp keapet yn 1913 in stripe lân fan 5.86.00 ha fan Constant Willem Lunsingh Scheurleer út Den Haach foar f. 2.000,-. Yn 1914 giet dit lân nei Anne Gaukes Veenstra foar deselde priis. Yn 1918 litte Anne en syn frou Grietje Rieskes in stjelp bouwe troch timmerman Oord út Fryske Peallen. Yn 1921 keapje sy it oanlizzend stik lân - 1.61.60 ha - fan Sijbe Riedstra. Dit lân leit yn it ferlingde fan Langpaed 3 en 5 en is foarhinne ien lange kavel fan de feart oan de provinsjegrins ta.

De stjelp wurdt yn 1937 nochris 5 meter langer makke troch timmerman Mindert Veenstra út De Wylp. Yn 1958 komt de buorkerij yn hannen fan Wiemer Veenstra en syn frou Engeltje Tuinstra. Sy ha trije bern : Bettie, Onne en Bennie. De famylje Reitsma is de hjoeddeiske bewenner.

 

Ynterview mei Wiemer Veenstra :

Wiemer wennet fan syn bertejier op de pleats, dy’t heit Onne Gauke en mem Grytsje Rieskes bouwe litte yn 1918. Iken bynten fan loadsen op it Foarwurk skoarje de nije stjelp. De heide wurdt oanmakke mei help fan ‘stratendrek’ dy’t mei kroaden út de skûtsjes op de wâl set wurdt. Dat is al in flinke stap foarút want de pake fan Wiemer ferhiert him noch as hantsjemier yn de Fryske greidhoeke. Wiemer groeit op yn drege tiden; krisis en oarloch. Hy giet nei skoalle by de Kromhoeksterbrêge, mei master Atsma. Heit Onne giet ek al op dizze skoalle en rint it hiele ein fan syn âldershûs oan de Taeijewyk. Wiemer fertelt dat Jan de Vries, dy’t yn in wâldspultsje tichtby de Kromhoeksterbrêge wennet, lampe-opstekker en brêgedraaier is. As der skûtsjes lâns komme, wurdt de brêge oerdwers draaid. Soms hinget Wiemer der ûnder. Yn de oarloch fine op de pleats ûnderdûkers in hinnekommen, lykas op mear pleatsen oan it Langpaed. Op in rare dei hâlde de Dútsers razzia’s. Yn de skoarstien sjogge se spek hingjen. Under it geniet fan ‘Schnapps und Speck’ sjogge se net fierder op de heasouder en it heafek. Yn de fyftiger jierren is der op de measte buorkerijen oan it Langpaed noch boulân. Rogge en hjouwer wurde it meast boud. It meanen fan it nôt giet mei de sichte. Ingeltsje wyt dat sy as jongfaam meihelpt om it sied yn skeaven te binen. Yn de neisimmer, as it sied oan bulten stiet, komt de terskmasine. Der is allegear folk. It strie wurdt yn pakken parst en de kerrels komme yn jutesekken fan fjirtich of fyftich kilo. Dat giet meastentiids nei it fabryk yn De Wylp, dêr’t it meald en ferkocht wurdt. De pakken strie komme op de souder. Behalve sied wurde der ek biten, ierappels en rapen boud. De ierappels wurde mei de gripe útdold. It boerewurk ferget ynset fan ynhierde krêften. Almeast folk út de buert, lykas Gerrit Brander, Piter Varwijk, Ernst en Piter Posthumus. Wiemer is yn de oarloch befreone mei Piter Posthumus. Yn de earste jierren nei de oarloch is der ljocht fan karbydlampen. Stroom komt pas yn 1952 en inkelde jierren letter komt ek de melkmasine. De bôle komt fan bakker Westerhof út De Wylp. De takkebosken dy’t yn de Bakkefeanster bosk los komme as Onne fredingspeallen hellet komme telâne yn de oven fan Westerhof. Op winterjûnen komt men by inoar op besite. De manlju binne dan oan it ‘buorkjen’ en de froulju oan it breidzjen. Op tafel : sitroenjenever, brandewyn, fladderakje, ynmakke fruchten en sigaren.

 

Aaltje, Wiemer en Anke Veenstra

Anke, Anne, Aaltje Veenstra en Ernst Posthumus oan it skoftsjen 

Understeande stjelp lit Anne Veenstra yn 1918 bouwe troch D. Oord út Fryske Peallen,‘15 meter uit het voorbij lopende pad’. De bou-oanfraach neamt fierder in welput mei pomp, mondstien en semint-pannen. Yn 1937 is de pleats 5 meter langer makke.