Langpaed 29

 

 

 

 

 

It hûs op de foto is ôfbylde yn de sechtiger jierren fan de foarige iuw. Neist it hûs oan de rjochterkant is in grientetún, dy't op in punt útrint. De provinsjegrins giet flak achter it hûs del.

Yn it hûs is eartiids in herberch en in winkel. Wietse Venema en Tolke Ytsma keapje yn 1907 "eene herberg en winkelbehuizinge met erf en tuingrond" fan widdo Tolke Jurjens de Vries. Letter is it in boerespul, mei lân oan wjerskanten en oer de wyk.

It hûs tsjin de provinsjegrins is foar 1856 eigendom fan Ebele Eizes Palsma. Yn dat jier keapet Jan Eeuwes Duursma hûs en hiem en oan wjerskanten twa stikken boulân. Nei’t Douwe Jans Faber in tal jierren eigner is, keapet Egbert Lykles Leisma út Sigerswâld hûs en lân yn 1877. Deselde Leisma keapet yn 1884 ek it westlik oanlizzende hûs, dat letter ôfbrutsen is en noch earder hie hy it einichste hûs oan de Foarwurker Wyk al kocht. Egbert Leisma is troud mei Tolke Jurjens de Vries. Egbert ferstjert yn 1888 en Tolke hat in herberch en winkel yn it hûs.

It krigele buorfamke Tolke Taekes Ytsma nimt de saak oer as sy santjin is. Yn 1907 - it jier dat sy trout en mearderjierrich is - keapet Tolke Ytsma ‘eene herberg en winkelbehuizinge met erf en tuingrond’ foar f. 700,- fan de widdo Tolke Jurjens de Vries. Tolke Ytsma wurdt sjoen as in krêftige frou. 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

 

Troufoto fan Wietse Venema en Tolke Ytsma yn 1907

Har man Wietse keapet tagelyk it lêst oerbleaune hûs oan de Foarwurker Wyk of Taeijewyk fan dyselde Tolke de Vries. It hûs oan de Foarwurker Wyk hat in skipperskafee west neffens Hendrik Winter, ien fan de lêste bewenners. Gryt Hoekstra-Pruim seit dat har beppe wol dûnse hat yn dy ‘kroech’. It gie blykber wat rûch want sy mocht der dêrnei net wer hinne. Dat is lykwols yn om-ende-by 1895 en dan is Tolke de Vries noch eigneres. Tolke Ytsma wurdt letter ek eigneres fan Langpaed 30. Har âlders hawwe dit hûs earder hân. By it ferstjerren fan har man Wietze Venema yn 1946 binne der in ‘boerenhuizinge, percelen land en 2 woonhuizen’. It hûs op de hoeke is dan al lang gjin herberch mear, mar in boerespul mei lân oan beide kanten fan de Wylpster Wyk. Tolke wennet oant om-ende-by 1960 yn it hûs.

 

Letter wurdt it in dûbel hûs en oan twa húshâldens ferhierd : Bas de Groot hiert de eastlike helte en Jo Rozema de westlike.

 

Fan likernôch 1964 ôf hiere Louwe Middel en syn frou Seike Bandringa it hûs. Hendrik Ritsma en Mieke Middel keapje it hûs yn 1967 en meitsje der ien hûs fan. Louwe en Seike wenje dan oan de eastlike kant. Lou Ritsma (de soan fan Hendrik en Mieke) fertelt dat de skiedingswand tusken beide wenten fan hurdboard wie. De bern sliepe achter yn de eardere stâl. Winters is it dêr stienkâld. De tún oan de eastkant fan it hûs wurdt yntensyf brûkt troch Louwe. Letter ek troch Hendrik.

Seike rekket wei yn 1968 en Louwe yn 1975. Dan ferfarre Hendrik en Mieke en harren bern Hendrik en Lou nei Oerterp.

 

Tsjintwurdich hat it hûs in hiel oar oansjen en wurdt it bewenne troch de famylje Rinsema.