Langpaed 32
Klaasje (Klaske) Berkenbosch en Jacob Zwaanstra yn 1947
It hûs mei lân is yn 1876 eigendom fan Roel Eeuwes Duursma. Yn 1904 keapet Jacob Roelofs Zwaanstra de ‘behuizing met daarbij behorend erf en land’ - 0.88.28 ha - fan de erfgenamten fan Roel Eeuwes Duursma foar f. 1.105,-.
Jacob Zwaanstra is earst troud mei Aaltje Bouma en sy krije twa bern : Hinke en Anna Catharina. Aaltje ferstjert yn 1919. Neitiid trout Jacob mei Klaasje (Klaske) Berkenbosch út Aldeboarn. Sy krije in dochter : Roelfke. Yn 1922 is der 0.56.01 ha lân bykocht fan Antje Riekelina Reindersma. Zwaanstra lit yn 1930 in nije stjelp bouwe.
Yn 1967 keapet Hendrikus Sikkema it hûs. No wennet hjir de famylje Hovingh – Koning.
Maak jouw eigen website met JouwWeb