Langpaed 22
Lammert Sikkema en Jantje Johannes de Vries út Sigerswâld wurde yn 1909 eigner fan it wâldhûske dat foarhinne fan Wijtze Jurjens van der Meer is. Lammert Sikkema is brêgewachter fan de smelle draai en opstekker fan de lantearne op de hoeke fan it Langpaed.
As Lieuwe de Boer en Bouktje Renkema yn 1949 it hûs mei hôf en tún - 0.44.25 ha - keapje foar f.1.800,-, komme sy oan de efterkant te wenjen. Sy ha fjouwer bern : Roel, Geert, Simon en Hendrik. De widdo fan Sikkema wennet dan oan de foarkant.
Neitiid wennet soan Hendrik hjir en no de famylje Staphorst.
Maak jouw eigen website met JouwWeb