Langpaed 23
Dit hûs wurdt yn 1923 boud troch timmerman Johannes (Hainje) de Jong. De foto is fan 1930.
Yn 1832 stiet hjir in hûs mei hiem en hôf op namme fan Geert Jans Jansma. Op it kadasterplan fan 1887 is it hûsperseel te sjen. Letter ferdwynt de wenning fan de kaart oant Johannes de Jong út De Wylp yn 1922 in hoeke boulân fan 0.60.64 ha keapet fan Janke Bakker, de widdo fan Geele Nijhof. Deselde Johannes (Hainje) de Jong bout hjir in wenhûs.
Efterinoar binne dan hierders Eeuwe (Ief) Duursma en syn frou Wemke Visser. Letter soan Klaas Duursma en dochter Froukje Duursma, dy’t troud is mei in Vegelin. By it hûs is 60 are grûn, dat Ief brûkt foar it bouwen fan tusearte en grienten. Neffens pakesizzer Wimke hat Ief de tún oan it lêst ta omspitten mei de skeppe. De tusearte gean nei de feiling.
Yn 1964 keapet Gerard Dirk Jansma it hûs. It hûs wurdt no bewenne troch soan Henk Jansma.
Eeuwe (ief) Duursma en Wemke Visser achter hûs.
Harren bern binne Lamkje, Roel (1907), Klaske (1909), Sjoukje (1913), Klaas (1915), Froukje (1918) en Jantsje (1921). Ief en Wemke binne earder troud west en ha út dy tiid as bern : respektivelik Fetsje en Wietske.
Froukje wennet mei har bern Wimke en Johannes (Jopie) Vegelien yn by Ief en Wemke. Wemke rekket wei yn 1962; in jier letter giet Froukje as húshâldster nei Grins en Ief nei Donkerbroek. Dêr hat hy noch 5 jier wenne. Hy is 93 jier wurden.
De boutekening foar it wâldhûske dat Johannes de Jong yn 1923 bout.
Maak jouw eigen website met JouwWeb