Langpaed 14

 

 

 

 

Tsjin de beam sit Jan van Valen, foar it hûs steane Wietske en Ties van Valen

Eize Gaukes Veenstra erft yn 1876 pleats, skuorre en 9.55.30 bunder lân. Syn heit hat in grut besit oan lân en 6 hûzen yn de omkriten fan de Wylpster Wyk. Alle fjouwer bern krije in rojaal erfdiel. Yn 1914 wurdt de âlde pleats ferfongen troch in nije. Soan Jan Eizes nimt de buorkerij oer en trout mei Fenje Kamminga. Harren bern binne Wietske en Eize. Yn 1927 nimme Wietske en har man Ties Albertus van Valen it bedriuw oer. Sy krije twa soannen - Jan en Johannes - en buorkje hjir oant 1957. Soan Jan en IJbeltje Postmus hiere de buorkerij oant 1966. Dan wurdt de pleats ferkocht. Jan en IJbeltje ferhúzje nei Langpaed 17. Dêrnei komme hjir efterinoar te buorkjen : Geert de Vries en Halbe Posthumus. Tsjintwurdich stiet dêr in nijbouwenning fan de famylje Ottema.

Maak jouw eigen website met JouwWeb