Langpaed 28

 

Likernôch yn 1910 keapje Roel Pieters van der Wal en syn frou Jitske Johannes de Vries in lape lân fan Hendrik de Roos, dêr’t sy in wâldspultsje op bouwe litte. Yn 1937 wurdt soan Johannes van der Wal - ‘landgebruiker en gardenier’ - eigner fan it spultsje. De ‘arbeiderswoning met hok en stookhut, grond en weiland’ fan krapoan in bunder grut wurdt yn 1954 ferkocht oan Hendrik Machiels Winter foar f. 3.570,-. Nei alle gedachten wenne Hendrik dêr doe al langer mei syn frou Sapke en de bern Michiel, Trienke, Eppie, Willem, Coba en Fenna. Yn datselde jier ferkeapet Winter de wente troch oan keapman Hendrikus (Rikus) Sikkema út Sigerswâld foar f. 3.600,-. Hy is troud mei Hinke Wolters. Bern binne : Baukje (Postma), Cornelis, Eelke, Aaltje en Tamme. Hendrikus wennet hjir oant 1967. Dan keapet Nico Rijkee it hûs; dêrnei frou Van Vliet en sûnt 2005 wennet hjir de famylje Offringa.