Langpaed 1

Yn 1911 ferkeapet bankier Constant Willem Lunsingh Scheurleer út Den Haach 3.92.41 ha heide oan Joeke de Haan. Dizze Joeke de Haan, dy’t as arbeider te boek stiet, bout dêr in hûs op. It is 1915 as komelker en arbeider Luitjen Huizinga it lân mei hûs oernimt.

Hendrikus Veenstra út Garyp keapet yn 1929  ‘boerenhuizinge met schuur en lytshuis, hok, vuurhut, erf en weiland’ foar f. 10.200,-. (Hend)rikus en Anna krije 11 bern : Dirk, Wietse, Theunis, Anna, Jacob, Piet, Wijtze, Leendert, Antje, Ritske en Remmelt. Wijtze bewennet it hûs oant 2010. No is dêr in nij hûs boud troch de famylje Visser.


Maak jouw eigen website met JouwWeb