Trije huzen ôfbrutsen

Oan de Wylpster Wyk, op nei it Foarwurk, stiene foarhinne noch trije huzen. Sjoch nei de stjerkes op de loftfoto.

Earst it hûs, skuorre en kampke lân fan Roel de Boer en Antje van Veen : 0.40.56 ha. Roel en Antje sille fan 1920 oant 1965/66 wenne ha yn it hûs. Pakesizzer Roel de Boer útfanhûzet faak by pake en beppe. Yn it efterhûs fan it wâldhûske is in liemen flier. De flier fan de gong hat griene estrikken. Der is in opstapke nei de keamer. Yn de keamer bedsteeën. Yn de stookhutte wurdt iten sean. Om it hûs is grientetún. Roel helpt mei om tusearte foar de feiling te teppen. Efter hûs is in appelhôf. Foar hûs steane knotlinebeammen. Yn 1966 wurdt it hûs ferkocht oan Clemens Karel Hamer út Leidschendam, letter Katwijk. It hûs is om-ende-by 1970 ôfbrutsen.

  

Boppe: Antje van Veen en Roel de Boer

 

Rjochts : It hûs fan Roel de Boer. Letter de famylje Hamer. De foto is fan 1966 en ôfkomstich fan de famylje Hamer.

 

It twadde hûs is, mei in stikje lân , yn 1887 kocht troch Reinder Nijhof, arbeider út Sigerswâld. Hy ferbout it hûs yn 1901, sloopt it yn 1915 en bout it opnij. Yn 1918 keapet komelker en molkfarder Johannes Rinzes de Vries út Sigerswâld, mei syn frou Maria Boonstra it hûs, skuorre, lân en stâl : 1.00.16 ha. It hûs liket op in pleats sûnder hals mei efteryn in pear kostâlen en in heakipe efter hûs. As Maria (Marie) letter widdo is, wennet sy yn in sydkeamer fan it hûs fan Koning op it Foarwurk. It wâldspultsje wurdt ferhierd oan Jan Donker, dy’t troud is mei dochter Wikke fan Johannes en Maria. Jan en Wikke keapje it spul yn 1950. Dan hiert Jeen Donker it al en yn it tiidrek 1954 - 1956 binne Lolke Donker en Jantsje Pijl hierders. As lêste is Wiebe Postma hierder. It hûs wurdt yn de sechstiger jierren ôfbrutsen.

 

It tredde hûs is yn 1873 fan komelker Johannes Jan de Vries út Sigerswâld. Hy krijt it hûs troch te ruiljen mei in oar hûs fan de earmfâld fan de Herfoarme tsjerke yn Sigerswâld. Op de kadasterkaart fan 1921 komt it hûs net mear foar.

Maak jouw eigen website met JouwWeb