Langpaed 30

 

Teake Wietzes Ytsma nimt it hûs en lân - 0.33.33 ha - oer fan Tolke Jurjens de Vries yn 1907. Deselde Tolke dy’t yn itselde jier de herberch mei winkel ferkeapet oan de dochter van Teake Ytsma. Dochter Tolke Ytsma wurdt eigneres fan it hûs yn 1926. It hûs wurdt ferhierd oan û.o. Jan Huitema. Yn 1956 wurdt Marten Koning eigner fan de ‘arbeiderswoning met stookhut, erf en tuingrond’ foar f. 3.000,-. Marten is troud mei Hanny Buiter en sy ha trije bern : Tineke, Harry en Hilde. Hy ferkeapet it hûs oan de famylje Dijkstra. Nei de famylje Dijkstra wennet hjir no de famylje Vogelzang.

Maak jouw eigen website met JouwWeb