Langpaed 2

Mindert Ebeles Veenstra keapet yn 1910 sân bunder heide en greide fan de erfgenamten fan baron Jacob van Pallandt foar

f. 2.393,35. In âld húske by de feart wurdt ôfbrutsen en der wurdt yn 1912 in nije pleats sûnder hals boud foar soan Ebele. Yn en nei 1948 buorkje Mindert en Berber Veenstra hjir. Sy krije fjouwer bern : Ebele, Antje , Bartje Aaltje en Bontje. Anno 2011 buorket hjir de folgjende generaasje Veenstra.

 

Ynterview mei Ebele Veenstra :

As de frou fan pake Ebele, Bartje Bron, yn ferwachting is fan har tredde bern, falt sy by it waskjen oan it bjinstap foaroer yn de Fryskepeallenfeart en ferdrinkt. Mindert, de heit fan Ebele, is dan 6 jier. Mindert nimt yn 1948 de buorkerij oer fan syn heit.

Ebele sketst de yndieling fan hûs en hiem yn syn jonge jierren. De pleats sûnder hals hat twa wenkeamers. In sitkeamer mei twa bedsteeën en dêrtusken in fêste kast foar diggelguod. De foargevel hat twa smelle ruten en in skoarstien yn de midden. Ek yn de wenkeuken en sels yn it bûthús is in bedstee. Yn it bûthús binne stâlen foar tolve kij, twa bargehokken en in húske. Oan de efterkant is de hynstestâl. Hjir stiet de Belch. Yn de skuorre binne trije gollen. De pleats is boud mei reade stien en belein mei donkergrize seminten pannen.

Oan de sydkant is in dûbele stookhutte. Ebele ûnderskiedt de skjinne en de smoarge hutte. Yn de smoarge hutte wurdt it bargefoer sean yn in grutte izeren tsjettel boppe iepen fjoer.Yn de skjinne wurdt op moandeis de wask dien en simmers wenne.

Efter de hutte is in bjinstap mei in houten pomp. Skean efter de pleats is it hok dêr’t winterdeis jongfee stiet en simmerdeis molkfee fuorre wurdt. Dêr wurde ek bargen yn hâlden en der is in loop neist. Neist dit hok is in ôfdak foar foeropslach. De rûchskerne is efter de mielgong. Oan de sydkant fan de pleats is in bitebult en plak foar de grientetún en twa rûne kûlebulten. Oan beide kanten fan de pleats is in hôf mei appels, parren, prommen en kersen. Oan de weikant stiet de dûbele rige iken. Oan de feartskant en de efterkant fan it hiem steane ek ikebeammen. Foar it hûs steane trije linebeammen en in esk. Deun tsjin de feart is in ‘loop- en kruipad’ dat eartiids nei it hûs fan Rones Boonstra ta rûn. It heucht Ebele dat efter it bûthús in jarrekolk is mei in oplûkkettingpomp. Yn in iepen houten wein mei trije tsjillen wurdt de jarre oer it lân riden. Yn de twadde helte fan de fyftiger jierren komt de melkmasine. De motor stiet op in wein en deromhinne is in rûngeande lieding dêr’t de kij oan steane. By de pleats is in lytse hoeke bou dy’t tsjin de provinsjegrins oan leit. Hjir wurde ierappels, biten, hjouwer, rogge en rapen boud.

Yn it begjin fan juny is it haaitiid. It winnen fan hea is tige bewurklik, nei it meanen komt it kearen, skodzjen, swyljen, opperjen, tiemjen, sturtswyljen en weinloegjen. As it hea mei hynder en wein de skuorre ynriden wurdt dan moat it noch mei de foarke opstutsen wurde. Letter komt der in luchtwein mei in batte derefter, dêr’t de heabulten oer op de wein lutsen wurde. Yn sa’n drokke ûngetiid komt der help fan oaren, sa as de bruorren De Vries. Dy wenje oer de wei. Deunske kij gean nei de bolle fan Onne Veenstra. Under it jûnpraten wurde sokke tsjinsten ferrekkene.

 

It eardere hiem