Langpaed 11

 

Foto lofts : Foar it hûs sitte Jan Pool, Jantje Pool-Jonkman mei lytse Jeen,  âlde Jeen en syn frou Jitske van der Veer. De man op it hynder is  net bekind.

Foto rjochts boppe : Jiskje en Ernst Posthumus

Foto rjochts ûnder : Ernst Posthumus en Roelf van Valen

 

Jouke Sierp Anema bout yn 1922 in arbeiderswente op dit plak. It hûs is fan deselde wite stien as de pleats fan Anema. It dak hat de foarm fan in piramide. Efter hûs leit in lapke boulân. Jeen Pool en Jitske van der Veer keapje hûs, hiem en boulân - mei elkoar 0.28.60 ha - foar f. 2.400,-. As Jitske widdo wurdt komt sy yn te wenjen by har bern op Langpaed 3.  Ernst en Jiskje Posthumus hiere it hûs fan likernôch 1935 ôf. Reintje Pool wurdt eigneres yn 1946. Ernst en Jiskje ha twa bern : Trijntje en Pieter. Pieter keapet it hûs yn 1948 foar   f. 2.000,-. Ernst en Jiskje bliuwe dêr mei Pieter wenjen. Yn 1955 wurdt Jan Walstra eigner en ferhiert it hûs as arbeiderswent oan Sale Varwijk en letter oan Durk de Jong. Durk de Jong keapet it hûs yn 1960. Tsjintwurdich wennet hjir (in oare) famylje Posthumus.