Langpaed 15

It is 1910 as Sierp Palsma út Seisbierrum twa stripen heide , mei elkoar 42.26.20 ha, keapet fan de erfgenamten fan baron Van Pallandt foar f. 7.585,-. In jier letter ferkeapet Palsma de heide oan Jouke Sierp Anema út Skingen. De akte neamt de beide stripen  ‘heideveld zeer geschikt voor ontginning’. Anema betellet f. 8.175,- foar it lân en bout yn 1912 in nije pleats oan it Wilpster pad. Der wurdt in opfeart groeven nei de pleats ta. Yn 1924 wurdt de pleats mei it lân te keap set. Anema emigrearret nei Frankryk. Der binne dan 33 perselen. Op ien derfan stiet de pleats. Der is in arbeiderswente byboud yn 1922 (Langpaed 11). Op 8 perselen fan likernôch 12 bunder stiet rogge. De oare perselen binne gerslân. It is dus in mingd bedriuw. It gehiel wurdt yn parten ferkocht. De pleats mei it lân oan de noardkant fan it Langpaed oan de grins ta, wurdt kocht troch Doeke Dijkstra út Feerwerd - by Ezinge - foar f. 32.815,-. Mei de pleats keapet hy 15 perselen. De pleats is dan noch 18.37.40 ha grut. Oan de súdkant fan de wei wurde 17 perselen oan ferskillende minsken ferkocht. De arbeiderswente en de neiste kamp oan de noardkant wurde ek troch oaren kocht. Yn 1939 nimme Jan Walstra en syn frou Jantje Boonstra út Haskerdiken it bedriuw fan Doeke Dijkstra oer foar f. 38.000,-. Harren bern binne : Trijntje, Anke en Luitzen. Lammert Terpstra en Anke Walstra nimme de buorkerij yn 1958 oer. In pear jier letter keapje sy dy ek. Harren bern binne Willem, Jan, Jantje (Janny) en Hiltje (Hilly). Neitiid wennet hjir de famylje Van Echtelt en tsjintwurdich de famylje Hofman.

 

Ynterview mei Geart de Vries :

Geart komt yn 1951 oan it wurk by Jan Walstra. Oant doe wurke dêr Piter Posthumus mar dy ferhuzet nei de ‘polder’. Hânmelke, dat giet Geart hiel goed ôf. Sterke hannen komme goed fan pas op in bedriuw mei tritich kij, dy’t mei de hân molken wurde. Trije minsken binne mei melken oardel oere dwaande. Moarns om healwei fiven hat de boer de kij al hea jûn. Om seis oere giet de molke nei de wei, sadat Jan Krans op tiid de bussen op de wein nei it fabryk yn De Wylp ride kin. Under it moarnsbrochje kinne de waar- en merkeberjochten beharke wurde. De groppe wurdt leech skept en fuort dêrnei mei in houten karre oer it lân brocht. Foar it middeiskoft kin der noch kûle ôfstutsen en op twa platte kroaden klear set wurde. Middeis is der tiid foar freedzjen, masines fervjen, hea losmeitsjen of oare putsjes. Geregeld gean de beide hynders nei de smid yn De Wylp foar nije hoefizers. Yn de maitiid en de simmer is it fansels drokker. It meanen giet moarns betiid al los. De ûngetiid is drok. Dan komt der meastal in pear wike help fan omke Keimpe Walstra. Hy is o sa drok en hastich. By de komst fan de melkmasine yn 1952 kin Geart in moaie rol spylje. It is in learproses foar minsken en kij. Foarljochter Koopmans, yn syn lange learen jas en mei alpenmûtse, komt op de fyts del mei in groep kursisten om it masinemelken te skôgjen. Underwilens is der ek elektrysk ljocht kaam troch fiif triedden oan houten peallen. Wetter is noch lang mei in hevel oppompt út de Nortonput yn it bûthús nei in grutte bak op de souder. It is brúneftich fan it izer. De manlju ferstean elkoar hiel goed. Der is in soad respekt foar elkoar. Geart hat syn ynbring yn de gong fan saken op de buorkerij, as it no giet om de tiid fan meanen of om de priis fan kij foar de ferkeap. As Geart yn 1955 oankundiget dat er foar himsels begjinne wol, is dat wol begryplik mar ek spitich. It oanbod om de wente fan - foarhinne - Ernst en Jiskje Postma mei in bunder lân derby te hieren kin dêr neat oan feroarje. Geart begjint foar himsels op in spultsje yn Sigerswâld en wurdt letter boer op de pleats fan Ties van Valen oan it Langpaed. Yn 1988, as syn soan klear is foar it bedriuw, ferhúzje sy nei in pleats ûnder De Haule.

 

 

Geart de Vries op de meanmasine

Yn de jister : Jan, Anke, Trijntje en Luitzen Walstra, Geart de Vries

Jan en Keimpe Walstra

Lucas Renkema

Jan Walstra

 

 

It hiem yn de fyftiger jierren