Ofbrutsen huzen neist Blauwe Dobbe
Yn 1832 steane hûs en lân op namme fan Geert Jans Jansma. Letter is Ede Rinzes Jansma, út Oerterp, eigner fan hûs, hokken en hiem, in perseel tún mei appelhôf en de neiste dobbe. It is dan 3.43.69 ha grut. Kornelis Jansma en Janke Bron wurde dêrnei eigner. As Kornelis wei rekket yn 1950 ferhuzet Janke en bliuwt it spultsje likernôch trettjin jier leech stean. It lân wurdt brûkt troch Willem Hut, ien fan de erfgenamten. Gerrit Renkema keapet neitiid it lân; it hûs wurdt ôfbrutsen.
Wiepie Boonstra - Hut, dy’t eartiids útfanhuzet op it spultsje fan pake en beppe, docht te witten : It spultsje (foto) hat in keamer mei twa bedsteeën. Dêrûnder de kelder. Op de sydkant is in gong nei it foarhûs. It efterhûs hat plak foar fjouwer kij en opslach foar hea. Neist hûs stiet in stookhok. Efter hûs is in hok foar skiep. Oan de sydkant fan it hûs is it appelhôf. Ien fan de appelbeammen leit hast plat, sadat men der op rinne kin, neffens Jan de Mars, ien fan de bernsbern. Lang nei’t it hûs fuort is steane op it eardere wenplak noch hege linebeammen. Om-ende-by 1985 binne se omkapt. Deun neist de Blauwe Dobbe stie noch in hûs. Nei alle gedachten is dit hûs ôfbrutsen yn 1940. In houten pomp hat noch lang in oantinken west. It hûs hat efterinoar eigendom west fan : Geert Jans Jansma (earder as 1845), Douwe Jans Duursma, Riekele Douwes Duursma, Douwe Hendriks Duursma,
Boppe : Foar it hûs sit de âlde Ede Jansma, de heit fan Kornelis Jansma. Foar 1845 wie it hûs, deun tsjin de Blauwe Dobbe, der al en eigendom fan Geert Jans Jansma. It hûs is om-ende-by 1940 ôfbrutsen. Foar 1934 wenje hjir Pieter Hoving en Geertje Vink mei harren dochter. Op it lêst Willem Hut en Evertje Jansma (dochter fan Kornelis Jansma en Janke Bron).
Boppe : It hûs dat yn 1963 ôfbrutsen is.
Maak jouw eigen website met JouwWeb