Langpaed 21

 

Geele (of Geale) Nijhof keapet yn 1890 it perseel, dêr’t yn 1901 in hûs setten wurdt troch dyselde Geele Nijhof en Janke Bakker. Johannes de Jong, timmerman út De Wylp, keapet yn 1922 de ‘behuizing met erf en bijgelegen land’, by elkoar 0.18.28 ha, fan Jan Bakker foar

f. 1.162,50. Jan Bakker is de ienige erfgenamt fan Janke. It hûs wurdt yn 1928 sloopt en der wurdt in nij hûs opboud. Dat wurdt ferhierd oan efterinoar Hendrik en Fim de Vries (bern : Jan, Tjitske, Ietsje, Fokje en Joke), Simon Floris en syn frou Sjoukje de Jong. Sjoukje is in dochter fan Johannes de Jong. Yn 1969 wurdt it hûs kocht troch Hermannes (Mansje) Luitje van der Veen. Anno 2011 wennet hjir de famylje Terlage.