Langpaed 6
Bonne Bijma keapet in perseel heide - 7.66.90 ha - fan Constant Willem Lunsingh Scheurleer foar f. 2.200,-. Efterinoar binne hjir eigners : Anne Jelles Wiersma en Jouke Sierp Anema. Dan keapet gernier Johannes van der Wal út Sigerswâld yn 1916 heide en boulân oer fan Anema foar f. 8.000,- . Johannes van der Wal lit yn 1919 in stjelp bouwe troch timmerman J.D. Oord út Fryske Peallen. Nei de oarloch hiere Pieter Hijlkema en syn mem en letter mei syn frou Froukje, de pleats. Nei alle gedachten oant 1962. De soan is Bartje Koopmans. Letter komt der noch in twilling by : Gerk en Trienke. Dan keapet Jan Jelles Posthumus de pleats fan Johannes van der Wal. Neitiid wennet hjir de famylje Postma.
Johannes van der Wal lit dizze stjelp yn 1919 bouwe troch J.D. Oord út Fryske Peallen
Maak jouw eigen website met JouwWeb