Langpaed 7

Pleats yn 1956

Marcus Aardema keapet yn 1913 krapoan acht bunder heide fan bankier Constant Willem Lunsingh Scheurleer út Den Haach foar

f. 1.920,-. Eize Palsma keapet it oanlizzende perseel fan de provinsjegrins oant de nije reed (Langpaed) mei it ‘langs loopende schoolpad’. Dit lêste perseel is 8.15.00 ha grut en kostet Palsma f. 1.600,-. Yn 1915 nimt Aardema dit ‘stuk heideveld, waarvan reeds een deel is aangemaakt ..’ oer fan Palsma foar f. 3.150,-. Aardema bout dan de pleats. Op 21 july 1918 brekt brân út troch ynslach fan tonger. Yn ien oere tiid brânt de hiele pleats ôf, meldt it Nieuwsblad van het Noorden. Fee komt der net om, wol gean in grutte partij hea, trije fytsen en it grutste part fan it húsrie ferlern.

Yn 1920 keapet Sijbe Ales Riedstra út Gytsjerk ‘Zathe en landen’ fan Marcus Aardema foar f. 33.000,-. Riedstra keapet nochris 4.51.65 ha lân oan de westkant fan komelker Jacob Hornstra út Sigerswâld. It lân oer de wei ferkeapet Riedstra troch oan oerbuorman Anne Veenstra; it hûsperseel en in bouterrein wurde ek  ferkocht. Der bliuwt 2.56.05 ha oer. Foarearst is Riedstra boer, mar yn 1923  komt Jelle Wagenaar as pachter op de pleats. Soan Jan folget Jelle op yn 1934. Yn 1940 keapet Ties Frederick Eckhardt út Spijk de pleats fan 18.60.30 ha foar f. 43.000,- fan de erfgenamten fan Sijbe Riedstra. Albert Wagenaar en Hiltje van der Velde keapje de pleats fan Eckhardt. Sy ha fjouwer bern : Jan, Geert, Boukje en Nelleke. No buorket de folgjende generaasje Wagenaar op dit plak.

 

Ynterview mei Albert Wagenaar :

Pake Jelle Wagenaar ferhuzet fan in spultsje by Boarnburgum nei it Langpaed. It is 1923 en de bern kinne oan it wurk op de grutte hierpleats oan it Langpaed. Sibe Riedstra is de eigner dy’t foarhinne sels boer is op de  pleats. Sibe en syn frou Marie litte har yn de glêzen wein ride. Yn 1934 trout Jan - de heit fan Albert - mei Baukje Duursma en wurdt boer op deselde pleats. Der komme acht bern (Ipie, Jikke, Wietze, Jelle, Albert, Goaitzen, Jerre, Piet) en alle hannen moatte meihelpe. Mem soarget foar oarder yn ’e hûs. Moarns foar skoaltiid sitte de jonges al in amer fol ierappels te skilen yn it bûthús. Sy ite twa kear deis waarm : ierappels en sûpengroattenbrij. Ek greauwen en bargeriezel hjitte streksum iten yn dy tiid. Bôle wurdt yn dikke plakken snien en klearset. De bern moatte twa kear wyks de bêden oprôlje en op de hage lizze te wierjen. Albert sjocht werom op in soargeleaze, frije jeugd. Jelle is de âldere broer, dêr’t Albert in protte mei dielt. Hiel goed kinne sy oerwei mei Roel de Boer, jierren de fêste arbeider. Roel is in soarte fan paadwizer yn it libben. Roel wennet yn in wâldhûske oan de Wylpster Wyk. It hiem dêr, fol mei beammen, appels, parren, prommen, kersen en de grutte grientetún is lykas it paradys, mimert Albert. Yn Albert is al jong in keapman te sjen. Sneons komt hy mei de molkkarre om âld papier. De lege doazen fan Wouda’s moalfabriken teart Albert op en ferkeapet se. Letter komme der kninen en geiten by. Fansels binne der soargen. It binne swiere jierren foar syn âlden as der TBC en tongblier ûnder it fee is. It is in bedriuw fan 18 - 19 bunder. Wat boulân mei rogge en hjouwer efter by de skieding. Leech lân mei in wettermûne. Heit Jan wol gjin melkmasine ha : ‘Dat dogge wy net, dan ha wy alle bisten drûch’ . Der binne twa hynders : Bovenlanders en earder twa Belgen. Wy ride oer it Langpaed. Albert fertelt mei humor en in bytsje weemoed. Oer Piter Hijlkema dêr’t de mem dea op in stoel sit. Oer Ties van Valen en Eize Veenstra, dy’t in pleats fan har (skoan)heit krije. Oer âlde Ernst Posthumus, dy’t mei Roel van Valen sit te gûlen om it ferlies fan harren frou. Wy sjogge âlde paden by fearten lâns dy’t fuort binne, ‘oplost’ yn it geweld fan de ruilferkaveling. Broer Jelle wit dat yn de oarloch turf groeven wurdt út de dobbe efter yn it lân. Jan de Vries en Roel de Boer helpe mei.

 

Eardere hiem

Jan Wagenaar, Jelle, Jikke. Gooitzen, buorjonge Bart en omkesizzer Jitze

Jikke en Jelle Wagenaar

Kij op de stâl, 1958