Langpaed 10
It is 1904 as Harmen Jans Varwijk op dit plak 1.56.00 ha boulân oernimt fan keapman Popke Wiebes van der Vlugt út Sumar. Pieter Jans Varwijk wurdt yn 1917 eigner fan hûs, stâl en boulân. Pieter kriget ek it lân mei it (ôf te brekken) hûs, fierder oan de wyk. Yn 1924 keapet Pieter boppedat in stik lân fan Jouke Anema efter de ‘steenen loods’ oan de ‘Anema’s wyk’, grut 1.53.30 ha, foar f. 2.300,-. Hy keapet yn 1937 it hûs mei lân, dat letter Langpaed 12 is. Soan Harm fan Pieter en syn frou Antje (Anne) de Vries hiert de stjelppleats fan 1948 oant 1957. Harm is troud mei Liesbert Postma en sy krije twa bern : Corry en Piet. Yn 1959 keapje Luitzen Posthumus en Sitske Renkema de buorkerij mei de stjelp foar f. 26.980,-. Dizze is dan 6.40.41 ha grut. Bern binne : Geertje en Jelle. Yn 2002 is hjir in nij boargerhûs boud troch de famylje Postma. No wurdt dit hûs bewenne troch frou Wolthuis en har trije bern.
Maak jouw eigen website met JouwWeb